Wurkstraf easke foar oanriden fan fytser en fuotgonger

09 jan 2018 - 19:46

It Iepenbier Ministearje hat in wurkstraf easke fan 60 oeren en in rydferbod ûnder betingst fan in heal jier foar in automobilist, dy't ein 2016 by Bûtenpost twa minsken oanriden hat. Justysje ferwyt de man dat er net goed útsjoen hat. Hy ried earst fan efteren in fytser oan en mei de fytser noch op de motorkape ried er tsientallen meters fierderop in fuotgonger oan. De fytser rekke slim ferwûne, de fuotgonger bruts in skonk.

Neat sjoen

De fertochte, in 39-jierrige ynwenner fan Gerkeskleaster, seit dat er de fytser nea sjoen hat. Hy hat tajûn dat er flak foar de oanriding op syn telefoan seach, omdat er in Facebook-melding krige, mar seit dat er rom foar de oanriding syn telefoan wer oan de kant lein hie. Wêrom't er de fytser oer de kop sjoen hie, koe er net sizze. De fytser, in 38-jierrige man út Gerkeskleaster, is nei de oanriding dagenlang yn sliep holden yn it UMCG yn Grins. Hy hie ûnder oare brutsen bonken yn 'e rêch, in ynklapte long, en skedelletsel.

Riedsel

Dat de man nei de oanriding mei de fytser ek noch in ein trochriden is en úteinlik tsjin de 35-jierrige fuotgonger út Poalen botste, stelde de rjochters foar in riedsel. De fertochte sei dat er net by steat wie om adekwaat te reagearjen en dat er de auto yn in soarte fan skrikreaksje troch rôlje liet.

De Ljouwerter rjochtbank docht útspraak op 23 jannewaris.

(advertinsje)
(advertinsje)