Maatregels tsjin EK-oerlêst

08 jun 2012 - 14:57

Plysje en gemeente nimme ekstra maatregels om oerlêst yn Ljouwert by de EK-wedstriden foar te kommen. Alle kroegen hawwe in brief krigen mei regels dêr't se harren oan hâlde moatte.

Wa't yn eigen buert of wyk in skerm delset om mei-inoar fuotbal te sjen, moat dat ek melde by de gemeente. Ek alle EK-feesten moatte oanmeld wurde. Dat wol boargemaster Ferd Crone. De plysje hâldt ekstra minsken achter de hân om optrede te kinnen as dat nedich is. It grutte skerm by de Aldehou komt der pas as Nederlân de heale finale hellet.

Boargemaster Crone ropt fierder de kroegbazen op om de fuotbalfans de kommende tiid goed yn de gaten te hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)