Ald-boargemaster Geert Dales werom yn de polityk

09 jan 2018 - 17:21

Geert Dales, de âld-boargemaster fan Ljouwert, komt werom yn de polityk. De âld-VVD'er wurdt yn Amsterdam listtriuwer foar de partij 50Plus. Dat meldt NRC Handelsblad. Dales sei in jier as wat lyn al syn lidmaatskip fan de VVD op, en lit witte dat er him by de partij fan Henk Krol thúsfielt.

Geert Dales waard yn 2004 boargemaster yn Ljouwert, trije jier letter stapte er alwer op.

Trefwurden: 
Geert Dales
(advertinsje)
(advertinsje)