Lotterijwinners Eastermar sette fûns op foar doarpsgenoaten

09 jan 2018 - 16:58

In pear minsken út Eastermar dy't flink wat jild wûn ha yn de Nasjonale Postkoade Lotterij, sette in fûns op foar minder gelokkige doarpsbewenners: it Eastermarder Kanjerfûns. De ynwenners fan it doarp dogge in hiel soad mei-inoar en dêrom soe it winnen fan al dat jild yn de lotterij ek in feest foar it hiele doarp wêze moatte, seit priiswinner Anne Oosterdijk.

De priiswinners krije help fan in notaris by it opsetten fan it fûns. Boargemaster Gebben fan Tytsjerksteradiel wurdt de beskermhear. Neffens de Nasjonale Postkoade Lotterij is it unyk, dat priiswinners in fûns opsette foar plakgenoaten. Dat is op dizze manier noch net earder bard.

(advertinsje)
(advertinsje)