Fryslân krijt 30 miljoen euro subsydzje foar projekten

09 jan 2018 - 16:25

De provinsje hat de ôfrûne jierren foar hast tritich miljoen euro subsydzje binnen helle foar projekten. In grut part fan de subsydzje komt út Brussel. De provinsje hie mear as fyftich projekten yntsjinne. It grutste part dêrfan is goedkard en dêr komt dan ek jild foar. It measte jild giet nei gearwurkingsprojekten fan Noard-Nederlân en Noard-Dútslân, bygelyks op it mêd fan toerisme, wettertechnology en kultuer.

(advertinsje)
(advertinsje)