Sipke Postmafûns wurdt opdoekt

08 jun 2012 - 14:45

It Sipke Postmafûns yn de gemeente Boarnsterhim wurdt opdoekt. It fûns waard eartiids opset om âldere ynwenners fan Grou finansjeel te stypjen. Ien fan de betingsten dêrby wie dat de minsken net troud wêze mochten. Omdat de lêste jierren hieltyd minder oanfragen dien waarden, is no besletten it jild oer te setten nei stifting Wilhelminapark.

It giet om goed 10.000 euro. Der is fierders besletten om yn neitins oan jildsjitter Sipke Postma in bank of oar oantinken yn it park del te setten.

(advertinsje)
(advertinsje)