Man yn handbike oanriden op rotonde It Hearrenfean

09 jan 2018 - 15:55

In man yn in handbike is tiisdeitemiddei op It Hearrenfean ferwûne rekke by in oanriding. De man ried mei syn handbike op in rotonde yn de Oranje Nassauleane, flakby de grutte dyk. Wat er dêr die, is net dúdlik. In autobestjoerder ried de man oan. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding It Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)