"Gaswinning by Ternaard ynset by gemeenteriedsferkiezingen"

09 jan 2018 - 15:42

De stifting Vaste Grond Dongeradeel wol de takomstige gaswinning by Ternaard de ynset meitsje fan de gemeenteriedsferkiezingen yn novimber. De stifting hat de partijen yn de Twadde Keamer yn in brief frege hoe't sy tsjinoer de gaswinning stean. Dy moatte foar 2 febrewaris reagearje. Want dan kinne minsken yn Noardeast-Fryslân der by de gemeenteriedsferkiezingen rekken mei hâlde. En der soe ek noch tiid wêze om diskusjejûnen mei keamerleden te hâlden.

Oer de mooglike gaswinning by Ternaard rint in ynspraakproseduere, mar de stifting Vaste Grond Dongeradeel hat dêr minder fertrouwen yn. Dat komt omdat de NAM dêr ek oan meidocht.

(advertinsje)
(advertinsje)