Hûn dy't skiep deabiet is "goede lobbes" en net gefaarlik

© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De hardershûn dy't freed en sneon yn in stik lân by Goutum skiep oanfoel en deabiet, is net gefaarlik foar minsken. Dat seit de plysje nei in besite oan de eigeners. In hûnebegelieder hat moandeitejûn by de eigeners thús west om de hûn te beoardieljen en sjocht de sân jier âlde harder as in "goede lobbes", dy't gjin minsken oanfalt. Wol tinkt de plysjeman dat hy wer skiep pakke sil as hy by se yn it lân komt.
De bot skrokken eigeners ha neffens de plysje tasein dat se de hûn tenei oan de riem hâlde en in bekbân omdogge. Se sille boppedat kontakt sykje mei de eigener fan de skiep om ekskús oan te bieden en de skea te fergoedzjen. Der sil fierder gjin strafrjochtlik ûndersyk komme en de eigeners krije ek gjin boete om't se de hûn losrinne lieten.