Opskuor oer 'te hege prizen' by kringloopwinkel fan Omrin

09 jan 2018 - 14:04

Op social media is de lêste dagen opskuor ûntstien oer de prizen fan it guod yn de kringloopwinkel fan Omrin yn Ljouwert. Op Facebook skriuwe minsken dat se de prizen te heech fine. Omrin hat op Facebook oanjûn dat se nei de prizen sjen sille. "Wy binne ús der bewust fan en dêr wêr't wy der op wiisd wurde, passe we de prizen oan", fertelt manager Sjoerd Seldenrust.

Dochs is de twa moannen âlde winkel tige populêr, seit Jelmar Helmhout fan Omrin. Se hawwe muoite genôch guod te finen om de grutte kringloopwinkel te foljen. De winkel is ien fan de grutse fan it lân mei 8.000 kante meter. It is dan ek dreech om it nivo fan kwalitatyf goede twadde- of treddehânsk guod op peil te hâlden.

Troch kursussen om wearde te werkennen te jaan, probearret Omrin foar te kommen dat der te hege prizen frege wurde. "Mar wêr't minsken wurkje, wurde ek wolris foutsjes makke", sa seit Seldenrust.

(advertinsje)
(advertinsje)