EVT no foar College van beroep

It College van Beroep voor het Bedrijfsleven behannelet noch dit jier it skeel tusken de rederijen Doeksen en EVT om it ferfier tusken de Waadeilannen en de fêste wâl. It rjochtsorgaan docht dat op oantrunen fan rederij Doeksen, dat syn nocht hat fan de slepende kwestje.
Doeksen en Wagenborg ha fan it Ryk in konsesje fan 15 jier krigen foar de feartsjinsten. De rederijen EVT, Spathoek NV en Waddentransport ha dêr beswier tsjin oantekene. Sy ûnderhâlde ek feartsjinsten, mar neffens dy konsesje soe dat net meie.
Minister Schultz fan ynfrastruktuer en miljeu hat earder al sein dat de beswieren tsjin de konsesjeferliening gjin grûn ha. De útspraak fan it College van Beroep voor het Bedrijfsleven is binend. Ein dit jier bûget it rjochtsorgaan him oer de kwestje.