Omswalkjend pauwepearke nei moannen werom by eigener

09 jan 2018 - 13:30

De twa wylde pauwen dy't ferline wike yn Damwâld omswalken, binne wer werom by de eigener. Dizze ynwenner fan Wâlterswâld wie se al sûnt septimber kwyt. It mantsje en it wyfke útfanhuzen al dy tiid by húsdokter Van den Bremer yn Damwâld. Dêr krigen se salang te iten, tagelyk mei syn hinnen.

Hinnehok

Nei alle gedachten fanwegen it fjoerwurk om âld en nij hinne, is it keppeltsje pauwen yn in oare buert terjochte kaam. Dêr makken minsken melding by de biste-opfang fan Harm Sliep yn Dokkum. De pauwen koenen úteinlik mei hinnefretten in hinnehok ynlokt wurde en doe binne se nei de Schutstal yn Dokkum brocht.

Sa ûntstie in syktocht nei de eigener fan de fûgels. Fia de Facebook-side fan Omrop Fryslân kaam ús ferslachjouwer op it spoar fan dy húsdokter. Mar dy woe se net werom ha, want se wienen syn eigendom net. Wol bea hy oan om se ûnder te bringen by famylje fan him, dy't de romte ha.

Opfretten

Harm Sliep krige yntusken tsientallen telefoantsjes fan minsken dy't de pauwen wol ha wolle. Mar se gean nei Wâlterswâld nei de oarspronklike eigener. Dy wie se dus al moannen kwyt. Neffens him binne se ûntsnapt út syn foliêre en hy tocht dat de fûgels opfretten wêze soenen. Oproppen fan de húsdokter om de eigener te finen, hat de man net sjoen. Tiisdeitemoarn hat hy syn pauwen ophelle en de kosten fan de opfang betelle. Sliep sil letter noch in kear op besite om te sjen oft it goed giet mei de pauwen.

Trefwurden: 
pauwen Wâlterswâld Damwâld
(advertinsje)
(advertinsje)