Amelanner koälysje stiet op skerp nei CDA-flirt riedslid

09 jan 2018 - 13:04

De koälysje fan It Amelân, besteande út de partijen Ameland'82 en Algemeen Belang Ameland (ABA), stiet op skerp, nei it foarnimmen fan riedslid Alice de Jong fan ABA om nei de ferkiezingen op 21 maart oer te stappen nei it CDA.

De fraksje fan Ameland'82 hat oanjûn net langer fertrouwen yn de koälysje te hawwen. De partij wol dêrom de kommende moannen allinnich rinnende saken ôfhannelje. It plan om de koälysje demisjonêr ferklearje te litten slagge net omdat dit by gemeentewet ferbean is.

Boargemaster Albert de Hoop lit útsykje wat dit foar it wurk fan it kolleezje betsjut.

(advertinsje)
(advertinsje)