Rydynstrukteur misbrûkt 17-jierrich famke

Justysje © Omrop Fryslân
In 46-jierrige rydskoallehâlder út Ljouwert hat yn juny ferline jier in 17-jierrige tute en betaaste. By de Ljouwerter rjochtbank waard dêrfoar tiisdeitemoarn in wurkstraf fan 120 oeren en in selstraf fan trije moannen ûnder betingst easke. Under de rjochtsaak bea de man syn ekskús oan by de learlinge en hy ferklearre 750 euro smertejild betelje te wollen. De frou hie dêr om frege. Sy hie oanjefte tsjin de man dien om foar te kommen dat hy mear slachtoffers meitsje koe.
De advokaat fan de Ljouwerter frege de rjochter wol om mei syn útspraak rekken te hâlden mei it feit dat rydskoallehâlders tenei in Verklaring Omtrent Gedrag oerlizze moatte. De rjochter docht op 23 jannewaris útspraak.