Skoalbestjoeren wolle om tafel om wurkdruk te bepraten

09 jan 2018 - 11:44

It basisûnderwiis, de polityk, fakbûnen en âlders moatte meiïoar om tafel om te praten oer de problemen fan masters en juffen. Dat skriuwe de bestjoeren fan it kristlik basisûnderwiis út Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel.

It ûnderwiis hat al twa kear staakt om te protestearjen tsjin de hege wurkdruk en foar mear jild. Neffens de learkrêften komt it Ryk mei te min jild oer de brêge om de problemen oan te pakken.

De noardlike skoalbestjoeren stelle no foar om earst ris meiïoar te praten oer it oanpakken fan de wurkdruk. Se tinke dan oan it skrassen fan guon taken fan learkrêften, lykas it hiel krekt byhâlden fan allegear saken.

Trefwurden: 
basisûnderwiis wurkdruk
(advertinsje)
(advertinsje)