Gemeente Opsterlân chat mei jongerein

09 jan 2018 - 11:22

Opsterlân wol de jongerein mear belûke by it gemeentlik belied en is dêrom mei tsien jongerein fan 10 oant 16 jier oan it chatten. Dat is neffens de gemeente in goeie wize om mei de jongerein yn kontakt te kommen. Mei de chats wol de gemeente in better byld krije fan wat der ûnder de jeugd spilet en wat sy nedich hawwe. Ut de earste chats, dy't krektlyn west ha, die bliken dat jongeren graach meiprate oer sport, feilichheid op strjitte en mei it útgean en oer aktiviteiten yn de buert.

Foardat de gemeente mei tsien jongerein oan it chatten gie, is der ûndersyk dien ûnder 105 jongeren. De chatters komme út Bakkefean, Fryske Peallen, Oerterp en Wynjewâld. Jeugd út oare doarpen kin har ek noch opjaan om mei te praten.

Trefwurden: 
chatte Opsterlân
(advertinsje)
(advertinsje)