Plysje makket mei lutsen pistoal ein oan rûzje yn Ljouwert

09 jan 2018 - 11:19

De plysje yn Ljouwert hat moandeitejûn mei lutsen pistoal in ein makke oan in rûzje op de Achter de Hoven. By de plysje wie in melding binnenkaam dat der drige waard mei in fjoerwapen. Dat wie net it gefal, sa waard letter dúdlik. Wol is der in man oanholden.

Dizze man, in 41-jierrige ynwenner fan Ljouwert, wie ûnder ynfloed fan GHB en moast nei it sikehûs oerbrocht wurde. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke foar it fersteuren fan de iepenbiere oarde.

(advertinsje)
(advertinsje)