Skoalbern kontrolearje it ferkear yn Boarnburgum

Bern fan twa basisskoallen yn Boarnburgum hawwe tiisdeitemoarn in ferkearskontrôle dien yn it doarp. Mei help fan de plysje en in ferkearssaakkundige, holden de skoalbern auto's op strjitte oan. Bestjoerders dy't te hurd rieden, krigen in reade kaart. Bestjoerder dy't har oan de snelheid holden, krigen in griene kaart.
Mei de ferkearskontrôle woene de bern en de plysje autobestjoerders bewust meitsje fan harren rydgedrach. Neffens de ynwenners fan it doarp wurdt der faak te hurd riden yn Boarnburgum.