Fryske selfiespot yn Grins mei griene ferve bekladde

09 jan 2018 - 10:47
De bekladde Fryske selfiespot - Foto: RTV Noord, Robert Pastoor

De Fryske selfiespot is yn de nacht fan moandei op tiisdei yn Grins bekladde. Unbekenden hawwe de letters 'Fryslân' en it pompeblêd mei griene ferve ûndersmard. De selfiespot stie noch gjin dei foar de Grinzer MartiniPlaza.

Yn Grins is woansdei de nijjiersbuorrel fan de trije noardlike provinsjes. Der wie al foarsein dat de Fryske letters guon Grinslanners in 'toarn yn it each' wêze soene.

Trefwurden: 
Fryslân selfiespot Grins
(Advertinsje)
(Advertinsje)