Stikkene trein soarget by stasjon Grou foar fertraging
Treinferkear tusken Ljouwert en It Hearrenfean hie tiisdeitemoarn lêst fan in stikkene trein. In intercity op dit trajekt stie stil by it stasjon fan Grou en blokkearre dêr ien fan de spoaren. Oare treinen moasten dêrom oer ien spoar en op mekoar wachtsje. It treinferkear rûn dêrtroch fertraging op.