Kollum: "De Urk fan Noach"

"Tusken de grutte mealstiennen fan it nijs oer rapper Boef en it boek Fire and Fury oer it White House fan Trump, waard dit berjocht fermealle. Wylst it op syn minst opfallend en op syn meast symboalysk neamd wurde kin.
Ik doel op de Ark fan Noach. Of, sa't guon seine, de Urk fan Noach. Want dêr wie it dat de replika fan Noach syn rêdingsboat op 'e drift rekke. It fartúch dat oarspronklik berekkene wie op de grutste ramp út it iere bestean fan de minskheid, de Sûndfloed, sloech los fan syn lisplak en dreau nei de oare kant fan de Urker haven. Dat barde net ûnder apokalyptyske omstannichheden, mar mei in wyntsje dat Friezen 'stiif' neame soene. De Ark sloopte mei dat ynsidint tsien skippen en in steiger. Ferwûnen wiene der lokkigernôch net. Fiif toeristen en twa meiwurkers dy't op de museumboat wiene, koene yn feilichheid brocht wurde. Krekt as de slang en de knyn dy't oan board tahâlden.
It klinkt as de omkearde wrâld. Dat wat minsken en bisten ea rêde moast, soarge foar ûnheil en moast sels rêden wurde. Wat wol sa'n foarfal ús dúdlik meitsje? Dat wierheid en fertichtsel twa ferskillende saken binne? De replika fan de Ark fan Noach is in betinksel fan Johan Huibers. Dy hat de boat neffens gegevens út de Bibel yninoar set. As in soarte fan Ikea-projekt, sis mar. It bliuwt opmerklik dat der minsken binne dy't staf-en-af iuwenâlde teksten oannimme as absolute wierheden. Wylst letterlik alles yn dy âlde boeken basearre is op 'fan hearren sizzen'. Nepnijs is fan alle tiden, kin de foarriedige konklúzje wêze.
Afijn, oer de Ark. Noach moast dy bouwe om't God fan doel wie om de wrâld te ferneatigjen. De godlike straf hie te krijen mei minsklik wangedrach. It antwurd op wat dat krekt west hat, is te finen yn de Rymbibel fan Jacob van Maerlant. Dêryn wurdt sprutsen fan Methodius fan Olympus, biskop en martelder, stoarn yn it jier 311. Dy Methodius freget God op in stuit hoe't it doe krekt siet. God seit dat Er de minsken strafte omdat de froulju boppe-op de manlju leine, yn stee fan oarsom. Dy froulju wiene de beppesizzers fan Kaïn.
It komt derop del dat Kaïn en Seth, de soannen fan Adam, apart fan inoar wenje moasten. Kaïn gie werom nei de flakte dêr't er Abel deaslein hie, en Seth gie op in berch yn de buert fan it paradys wenjen. Seth ferbea syn bern om mei dy fan Kaïn om te gean. Om 'e nocht, want de beppesizzers fan Kaïn wiene like kreas as ferkeard, en ûnwjersteanber. Dat sloegen se mei-inoar om. Ut dy ynsestueuze relaasjes waarden reuzen berne. Op gesach fan Methodius wiene se der yn de midsiuwen fan oertsjûge dat God de wrâld net ûnder wetter sette fanwegen dy reuzen. De echte oanlieding wie it liderlike gedrach fan de beppesizzers fan Kaïn, dy't boppe-op de manlju lizzen giene...
No seit sa'n ferhaal neat oer God, wol oer Methodius. It seit ek wat oer wierheid en fertichtsel. Hâldt ek yn de achterholle dat itselde ferhaal yn 1900 foar Kristus al yn spikerskrift optekene is yn it hjoeddeiske Iran. Dêryn jout de God Enki Atrahasis opdracht om himsels, syn gesin en alle bisten fan de wrâld te rêden troch in boat te bouwen. En as jim dan ek noch witte dat der op in klaaitablet fan 3700 jier âld al oer de Ark praat wurdt, en de ôfbylding dêrby in rûne, reiden koer sjen lit, in fartúch fan reid, bizen, bonken en bistehûden, witte jim dat saken dy't lang lyn optocht binne, hjoed de dei noch alles ferniele kinne."