Ljouwerter reizget mei reisferbod en pûdsjes weed yn 'e bûse

09 jan 2018 - 07:00

Op it stasjon fan Ljouwert is moandeitejûn in 21-jierrige ynwenner fan de stêd oanholden. Hy reizge mei de trein fan Grins nei de Fryske haadstêd, mar hie in reisferbod. By it fûillearjen fan de man die boppedat bliken dat er santjin pûdsjes weed by him hie.

De drugs binne yn beslach naam en de man is meinaam foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje reisferbod weed
(advertinsje)