Harns skriuwt eigeners fertutearze monumintale pannen oan

09 jan 2018 - 06:04

Monumintale pannen yn Harns mei efterstallich ûnderhâld moatte opknapt wurde. Dat fynt boargemaster Roel Sluiter fan de stêd. Yn syn nijjierstaspraak rôp hy de eigeners op har ferantwurdlikens te nimmen. It giet om byldbepalende gebouwen oan ûnder oare de Havenwei en de Noarderhaven.

Der tsjin optrede kin de gemeente net, sa sei Sluiter. De gemeente sil dêrom de eigeners oanskriuwe mei de fraach it pân wer by de tiid te krijen. It soe iuwig skande wêze, sa fynt de boargemaster, as se ferwurde ta 'rotte kiezzen'.

(advertinsje)
(advertinsje)