Ierdbeving Grinslân makket aksjegroep Ternaard striidberder

08 jan 2018 - 22:37

De ierdbeving yn Grinslân besterket de aksjegroep 'Ternaard foar de wyn' yn it stribjen om fierder te gean mei de striid tsjin de gaswinning. Henk Vellinga fan de aksjegroep is bot skrokken fan de swierte fan de beving. Hy hat dan ek te dwaan mei de ynwenners fan it gebiet om Loppersum hinne. Dochs is it foar de aksjegroep ek goed. It stimulearret om motivearre te bliuwen en net 'murw' slein te wurden troch alle gearkomsten dy't organisearre wurde om minsken te oertsjûgjen dat gaswinning net gefaarlik is.

De NAM stelt, sa seit Vellinga, in soad te learen fan it proses yn Grinslân. Mar neffens de aksjegroep is der eins mar ien les: de gaskraan moat sa gau as mooglik ticht. Njonken dat moat der folop socht wurde nei alternative boarnen fan enerzjy, sa seit Vellinga.

Trefwurden: 
ierdbeving Ternaard
(advertinsje)
(advertinsje)