Fûnemint blokhûs Starum folrûn mei reinwetter

08 jan 2018 - 22:22

De gemeente Súdwest-Fryslân docht ûndersyk nei mooglike skea oan it fûnemint fan it blokhûs fan Starum. Dat is troch al it reinwetter fan de ôfrûne wiken ûnder wetter rûn. It blokhûs is in replika fan de boarch dy't yn de 16e iuw yn it sintrum fan de stêd stie.

Yn it saneamde poartgebou is in lucht- en wettertichte romte makke dêr't in part fan it âlde fûnemint opboud is. Sa'n romte is needsaaklik om it te behâlden. It wetter is der moandei útpompt. De boarch moat goed beskerme wurde om't it archeologysk erfguod is.

Trefwurden: 
Starum Blokhûs
(advertinsje)
(advertinsje)