Keuring Frysk Hynstestamboek freed en sneon útferkocht

08 jan 2018 - 22:17

De hynstekeuring fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek fan kommende sneon is útferkocht. Dat is earder as yn oare jierren. De belangstelling foar it hynste-evenemint nimt ta, seit in wurdfierder fan it stamboek. Mear as 25.000 minsken út de hiele wrâld komme dit wykein nei it WTC yn Ljouwert. Net allinne de sneon is útferkocht, foar de freedtejûn binne ek gjin kaarten mear. De organisaasje kriget de lêste dagen in soad fragen fan minsken dy't dochs noch besykje in kaart te krijen. "Dan hawwe se al in fleanticket boekt of se stean al op Skiphol en dan besykje se dochs noch oan in kaartsje te kommen. Of de betelling fia de creditcard slagget net, mar we kinne alles neigean, seit Marijke Akkerman fan de organisaasje.

De tarieding foar it evenemint yn it WTC Expo is yn folle gong. Oerdeis binne de keurings en yn de jûnsoeren it hynste-evenemint Friesian Proms. Dêr wurdt al wakker foar oefene.

De hynstekeuring is sneon te sjen op Omrop Fryslân tv en ynternet, fan 8.30 oere oant 18.00 oere. Sjoch foar mear ynfo op omropfryslan.nl/faderpaard.

Trefwurden: 
hynstekeuring Frysk hynder
(advertinsje)
(advertinsje)