Keunstprojekt moat byld fan psychiatry positiver meitsje

De problemen fan minsken dy't help nedich hawwe yn de geastlike sûnenssoarch wurde faak ûnderskat. Dat sizze de inisjatyfnimmers fan in Frysk keunstprojekt dat omtinken freget foar krekt dy groep minsken. It keunstprojekt moat in posityf byld jaan fan de psychiatry en fan de psychiatryske pasjinten. It is de bedoeling dat pasjinten en âld-pasjinten mei-inoar ien grut panorama skilderje, dat letter dit jier yn Frjentsjer te hingjen komt.
Keunstneres Baukje Spaltro út Amsterdam hat de artistike lieding oer de saak. Se sil derfoar soargje dat alle tekeningen fan de pasjinten mei-inoar ien gehiel foarmje. Dizze wike binne de earste gearkomsten.