Sven Kramer giet troch nei Winterspelen yn Súd-Koreä

08 jan 2018 - 21:15

Sven Kramer (31) giet nei de Winterspelen yn febrewaris noch op syn minst twa jier troch mei reedriden. Syn kontrakt mei it team LottoNL-Jumbo is ferlinge oant en mei 2020. Nei syn aktive reedrydkarriêre sil Kramer ek belutsen bliuwe by de ploech fan coach Jac Orie.

It âlde kontrakt fan Kramer rint dit jier nei de Spelen yn Súd-Koreä ôf. Kramer seit dat er bliid is mei it nije kontrakt en de wurdearring dy't dêrút bliken docht. Hy is fan doel om by de kommende Olympyske Spelen syn earelist fierder út te wreidzjen. Dêrnjonken fynt er it moai dat it team LottoNL-Jumbo ek syn ekspertize brûke kin nei syn aktive karriêre. 

Kramer rydt al sûnt it seizoen 2014-2015 foar LottoNL-Jumbo. Under lieding fan Orie helle er trije wrâldtitels allround, trije Europeeske titels allround en seis kear goud op de WK ôfstannen. Kramer seit dat er in soad betrouwen hat yn de oanpak fan Orie en dat der foar himsels noch wol romte is foar ferbettering.

Orie wie ek optein oer de kontraktferlinging fan Kramer. "Sven is niet alleen een uitzonderlijke goede schaatser, maar hij heeft ook een voorbeeldfunctie binnen en buiten de ploeg. Hij stelt zich altijd zeer professioneel op en heeft oog voor het teambelang.''

Trefwurden: 
Sven Kramer reedriden
(advertinsje)
(advertinsje)