Boargemaster Harns: PVV en FvD ûnfatsoenlike partijen

08 jan 2018 - 20:47

De PVV en Forum voor Democratie bin ûnfatsoenlike partijen en it is goed dat dy yn Harns net meidogge oan de riedsferkiezingen yn maart. Dat boadskip hie boargemaster Roel Sluiter moandei op de nijjiersresepsje fan de gemeente. Sluiter hie muoite hân mei de oanwêzigens fan de beide 'rjochts-radikale' partijen yn de ried. Gearwurking dêrmei hie foar him dreech west.

As boargemaster stean jo boppe de partijen, sa seit Sluiter. Boppedat hawwe jo de kar fan de ynwenners te respektearjen. Dochs hie it Sluiter persoanlik al geweld oandien as beide partijen ûnderdiel wurden wiene fan de ried yn de havenstêd.

(advertinsje)
(advertinsje)