Joel de Jong wint sportpriis gemeente Harns

08 jan 2018 - 19:57

De 15-jierrige Joel de Jong hat dit jier de Hotze Schuil-trofee fan Harns wûn. Joel docht oan atletyk en hat it ôfrûne jier acht Nederlânske rekôrs ferbrutsen op de 100 en 200 meter. Ek docht er oan fierspringen. De jonge atleet hat him as doel steld om mei te dwaan oan de Paralympyske Spelen

Yn novimber 2016 luts de mem fan Joel oan de belle, omdat er in sportproteze net fergoede krige en dêrom net meidwaan koe oan gymnastyk op skoalle en ek net mear fuotbalje koe. Mei help fan it Foppefûns en oare sponsoaren kaam der genôch jild om in sportproteze meitsje te litten. Mear as in jier letter is de proteze lykwols noch net klear. Joel baalt derfan, mar hat wol in 'blade' yn brûklien krigen. Dat hat fertuten dien. Mei trije kear yn 'e wike traine yn Hoorn en syn lidmaatskip fan it talinteam fan NOC*NSF wurket er hurd om syn doel, de Paralympics, te berikken. De Hotze Schuil-priis is foar him in ekstra stimulâns. Tiisdei in reportaazje oer it jonge talint yn Fryslân Hjoed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)