Ljouwert presintearret tiisdei nij kolleezje

08 jan 2018 - 19:47

It nije kolleezje fan Ljouwert wurdt tiisdei presintearre. Dat sei wethâlder Sjoerd Feitsma yn it polityk programma It Polytburo fan Omrop Fryslân Telefyzje. Feitsma is ien fan de fiif wethâlders yn it kolleezje. Mei noch in PvdA-kollega sil er it nije kolleezje foarmje mei leden fan it CDA, PAL-Grien Links en D66. Dy lêste partij is nij yn it deistich bestjoer fan de stêd.

Tiisdei wurdt ek it kolleezjeprogramma bekend. Dan wurdt dúdlik hoe't Ljouwert de ferwachte finansjele problemen op ûnder oare it sosjaal domein oanpakke wol. Feitsma hâldt yn alle gefallen de portefúlje kultuer.

(advertinsje)
(advertinsje)