Boek Elfkerkentocht oer ferhalen Fryske tsjerken

08 jan 2018 - 19:41

Mei de start fan de kampanje om oandacht te freegjen foar it religieus kultureel erfguod yn hiel Europa waard it boek de Friese Elfkerkentocht presintearre mei ferhalen oer alve Fryske tsjerken. It giet oer de tsjerkegebouwen, mar benammen oer it ynterieur en de ferhalen dêrachter, seit skriuwer Justin Kroesen. De banken, preekstuollen en kroanluchters fertelle ferhalen fan de Fryske keunstskiednis. Mar ek fan de ekonomyske en sosjale skiednis. De ferhâlding tusken man en frou, earm en ryk en oer de eallju. En fansels oer de religieuze skiednis.

Yn de tsjerken is troch generaasjes bidden, songen en preke. 2018 is it Europeeske Jier fan it Kultureel Erfguod. De organisaasje Future for Religious Heritage siket stipe en ferhalen oer tsjerken yn hiel Europa.

Trefwurden: 
Elfkerkentocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)