Nije tsjinstregeling rederij Doeksen

Ien de boaten fan Doeksen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Mei yngong fan tiisdei farre de fearboten fan rederij Doeksen neffens in nije tsjinstregeling. De wichtichste wizigingen binne dat de simmertsjinstregeling in tal wiken langer jilde sil en dat der alle dagen trije autofeartsjinsten fan en nei Flylân farre sille.
Mei de nije simmertsjinstregeling giet in winsk fan de rieden fan advys en klantepanels fan Skylge en Flylân yn ferfolling. De simmertsjinstregeling is fan 2 april oant 31 oktober 2018.