Seisbierummer skoalbern yn swimbroek en bikiny by -8

Op de dei dat yn Fryslân de earste streken op natueriis set waarden, lutsen sa'n fyftjin learlingen fan groep 8 fan PCBS De Skeakel yn Seisbierrum swimbroek en bikiny oan. By in gefoelstemperatuer fan -8 graden sprongen se mei-inoar it iiskâlde wetter yn foar in nijjiersdûk. Yn septimber wie al ôfpraat op dizze wize it nije jier útein te setten, en sa oan it lêste eintsje fan basisskoallekarriêre te begjinnen. Neffens master Vincent Achterberg wiene de lege temperatueren gjin reden om it ôf te sizzen. "Niemand is verplicht om mee te doen, maar dit levert wel een geweldige herinnering op!"
De kâlde nijjiersdûk fûn plak yn it eigen swimbadsje fan pake en beppe Van der Veen. "Yn de simmer wurdt der in soad gebrûk fan makke, mar yn de winter by ditsoarte temperatueren...dat is unyk! Dit bin echte bikkels."