Europeeske organisaasje siket anekdoates oer Fryske tsjerken

De Europeeske organisaasje foar religieus erfguod siket anekdoates, oantinkens of ûnderfiningen oer Fryske tsjerken. It heart by in kampanje om tsjerklik erfguod fan hiel Europa te bewarjen. 2018 is it Europeeske Jier fan it Kultureel Erfguod. Mei Ljouwert as kulturele haadstêd is it net tafallich dat in kampanje om oandacht te freegjen foar it religieus kulturele erfguod hjir úteinset. Yn hiel Europa wurde persoanlike ferhalen sammele dy't te krijen hawwe mei tsjerken. Dy gean it hiele kontinint oer. Oan de kampanje fan de Future for Religious Heritage (FRH) kinne ek Friezen meidwaan troch oantinkens, ferhalen of ûnderfiningen op te stjoeren. In delegaasje fan de FRH út Brussel en Parys wie moandei te gast by de stichting Alde Fryske Tsjerken.
De kampanje sette moandei útein yn de Huzumer tsjerke mei de presintaasje fan it boek de Friese Elfkerkentocht fan skriuwer Justin Kroesen mei dêryn hystoaryske en religieuze ferhalen oer alve Fryske tsjerken. De ynstjoeringen fan ferhalen kinne nei info@frh-europe.org of nei de webside fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.