Seehûntsje berne yn Aqua Zoo

08 jun 2012 - 13:01

Meiwurkers fan bistetún Aqua Zoo yn Ljouwert ha tongersdei in krekt berne seehûntsje oantroffen. It jong is nei alle gedachten tongersdeitemoarn betiid berne. Oan 'e ein fan 'e middei waard sjoen dat de it jong by de mem dronk.

De berte is net ûnferwachte, want meiwurkers fan Aqua Zoo hiene al sjoen dat seehûn Loes in stik grouwer wurden wie. Mar troch de blubberlaach fan de seehûnen is lestich te sjen hoefier de dracht krekt is. De seehûnepup swimt frij yn it seehûneferbliuw om en is ek foar it publyk te sjen fanút de ûnderwettertunnel.

It is noch net dúdlik oft de seehûnepup in mantsje of in wyfke is. Dat wurdt letter bepaald mei de earste sûnenskontrôle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)