Auto botst op beam op rotonde: twa ferwûnen

08 jan 2018 - 17:14

By in ûngelok op De Drift yn Drachten binne moandeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. De bestjoerder rekke foar in rotonde de macht oer it stjoer kwyt en botste op in beam. Hoe't dat koe, is noch net dúdlik. De bestjoerder en syn passazjier binne nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)