Nije ferfierder: learlingeferfier NE-Fryslân gaotysk

It nije learlingeferfier yn Noardeast-Fryslân belibbe moandeitemoarn in gaoatyske start. It ferfier fan 700 learlingen wurdt dit jier foar it earst fersoarge troch in nije oanbieder, mar dat gie net hielendal goed. Guon bern waarden te let ophelle, oaren waarden hielendal net ophelle.
Skoalle foar spesjaal ûnderwiis De Wingerd yn Damwâld hat 200 learlingen. Njoggen op de tsien fan harren komt mei it learlingeferfier. Fan de learlingen fan dizze skoalle waarden moandei sân bern net ophelle. Ferskate oaren kamen te let. De direksje giet der fan út dat it om bernesykten giet, mar fynt wol dat dy sa gau mooglik ferholpen wurde moatte.
De planning fan de ritten wurdt dien troch it nije mobiliteitssintrum Jobinder fan de gemeenten yn Noardeast-Fryslân. Jobinder lit yn in skriftlike reaksje wite dat der hurd wurke wurdt oan it ferhelpen fan dy bernesykten. Der wurdt alles oan dien om it learlingeferfier tiisdei soepeler ferrinne te litten. De besoarge memmen, dy't har feriene hawwe op Facebook, litte it der net by sitte. Sy tsjinje in klacht yn by Jobinder en by de belutsen gemeenten.
De besoarge memmen binne der ek min oer te sprekken dat de nije sjauffeurs, yn striid mei eardere tasizzingen, net yn 't foar delkaam binne om mei de bern yn 'e kunde te kommen. Bern mei in beheining hawwe ferlet fan struktuer en fêste gesichten. Krekt foar harren is it hiel wichtich om yn 't foar te witten troch wa't se ophelle en wer thúsbrocht wurde, seit krityske mem Hiltsje van der Wiel fan De Harkema. Foarsitter Pytsje de Graaf fan mobiliteitsbureau Jobinder lit yn in reaksje witte dat se it 'ferskriklik spitich' fynt dat it ferfier moandeitemoarn noch net gie sa't it heart.