Darter Noppert nei twadde ronde Lakeside

08 jan 2018 - 16:36

Danny Noppert fan De Jouwer hat him moandeitemiddei op oertsjûgjende wize pleatst foar de twadde ronde fan Lakeside. De 27-jierrige Jouster wûn op it poadium yn Frimley Green (Ingelân) mei 3-0 yn sets fan Richie Edwards út Wales. Noppert ferlear yn de earste en de twadde set gjin inkelde 'leg'. Allinne yn de lêste set pakte tsjinstanner Edwards ien leg fan de Jouster ôf. Yn de twadde ronde fan it Lakeside-toernoai moat Danny Noppert it opnimme tsjin Ingelsman Mark McGeeney. Dy wedstriid wurdt woansdeitemiddei spile.

De Jouster is op dizze edysje fan it Lakeside World Darts Championship net ien fan de pleatste spilers. De Jouster stie foarich jier noch yn de finale, mar hat dit jier net in soad toernoaien smiten by it BDO-bûn. Dêrom moast Noppert dit jier yn de foarronde fan Lakeside begjinne. Yn dy partij wûn er ôfrûne sneon ek al mei 3-0 yn sets, doe wie de Amerikaan Joe Chaney it slachtoffer.

Trefwurden: 
Danny Noppert darts
(advertinsje)
(advertinsje)