Grien ljocht en provinsjaal jild foar skatepark Grou

08 jan 2018 - 15:54

De provinsje lûkt 35.000 euro út foar in skatepark yn Grou. De stichting achter it skatepark tinkt dat fan 't maitiid de skeppe yn de grûn kin. De plannen ha grien ljocht krigen en njonken de provinsje hat de gemeente Ljouwert ek jild jûn. De stichting Play Skate Court Grou freget no de sponsors om de bydragen dy't se tasein ha ek echt oer te meitsjen.

De boukommisje praat op it stuit mei de gemeente oer de oanlis. It park soe yn oktober iepen wêze moatte.

Op it park komt in skeelerbaan, mar ek in fjild om basketbal, kuorbal en hânbal te spyljen. En minsken mei in beheining kinne der ek te plak foar bygelyks rolstoelbasketbal of om te skeelerjen.

Trefwurden: 
skatepark Grou
(advertinsje)
(advertinsje)