Krekte ynfolling sinnepark Haulerwyk foar Ried fan Steat

08 jan 2018 - 15:27

De Ried fan Steat nimt binnen in pear wiken in beslút oer hoe't it sinnepanielpark by Haulerwyk derút komt te sjen. Projektûntwikkeler Groen Leven hat de plannen foar it park oanpast nei beswieren fan minsken dy't der flakby wenje, mar no is it net mear yn oerienstimming mei it bestimmingsplan. Sa wurde de transformatorhúskes in meter leger as earder soe. En de hage by it park del wurdt heger.

It is noch net dúdlik hoe fier oft de earste rige panielen fan de huzen flakby ôf komt te stean. Dat soe neffens buertbewenners 10 meter wêze, mar de projektûntwikkeler hâldt fêst oan in pear meter tichterby. Beide partijen hawwe sein dat se harren dellizze sille by de útspraak fan de Ried fan Steat.

Trefwurden: 
sinnepark Haulerwyk
(advertinsje)
(advertinsje)