Patyna liedt yntern minsken op foar de soarch

08 jan 2018 - 15:10

Soarchorganisaasje Patyna begjint nije wike mei in bysûnder opliedingstrajekt. Tweintich nije meiwurkers krije in ynterne oplieding sadat se dêrnei yn de soarch oan de slach kinne. It giet om minsken mei in útkearing, guon fan har binne hjir kaam as flechtling. De dielnimmers wurde keppele oan begelieders mei ûnderfining dy't har alle dagen it fak leare.

It projekt is in gearwurking tusken Patyna en ROC Friese Poort. De gemeentlike wolwêzensorganisaasje Pastiel stipet beide partijen.

(advertinsje)
(advertinsje)