Binne maatregels nedich foar fernijde Europaplein?

08 jan 2018 - 14:44

De gemeente Ljouwert wol nije wike dúdlikheid hawwe oer oft der maatregels nedich binne op it Europlein; de belangrykste tagong ta de stêd oan de westkant fan Ljouwert. Dat plein is krekt hielendal opnij ynrjochte, mar no al is der twa kear in auto fan it plein ôf rekke en yn ien fan de fytstunnels bedarre. Ofrûne freed barde dat noch. Yn beide gefallen wiene op dat stuit gjin fytsers yn de tunnels, mar dat hie wol hiel oars beteare kinnen.

Wethâlder Friso Douwstra hat moandeitemoarn amtlik oerlis hân oer beide ûngelokken. Besjoen wurdt bygelyks oft der in fangrail nedich is op it plein, of dat de râne njonken de dyk miskien ferhege wurde moat. Douwstra jout lykwols oan dat it net wis is dat der wat oan it plein feroarje moat. It plein foldocht neffens him op dit stuit oan alle regels dy't dêr foar jilde. Tagelyk seit hy dat hy skrokken is fan de ûngelokken.

(advertinsje)
(advertinsje)