Fertochten blokkade A7 frege om har te melden by plysje

08 jan 2018 - 14:26

Fertochten fan de blokkade op de A7, op de dei fan de sinteklaasyntocht, binne oproppen om harren te melden op it plysjeburo. Der binne op dit stuit 31 minsken as fertochten oanwiisd. Fan achttjin fan harren is de identiteit bekend. Moandei hawwe de earsten fan harren in brief krigen mei dêryn in útnûging om op it plysjeburo te kommen foar in ferhear.

It ûndersyk nei de blokkade hat him de ôfrûne wiken rjochte op it identifisearjen fan de belutsen persoanen. De achttjin persoanen dy't no bekend binne, komme allegearre út Fryslân. Der wurdt noch wurke oan de identifikaasje fan de oare trettjin fertochten. De fertinking is op dit stuit it blokkearjen fan de iepenbiere dyk, it feroarsaakjen fan gefaar of hinder op de dyk en it opkearen fan in demonstraasje. De ferhearen sille yn jannewaris plakfine.

Trefwurden: 
A7 blokkade justysje Sinteklaas
(advertinsje)
(advertinsje)