Nasjonale fiering 5 maaie yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De nasjonale fiering fan de befrijing op 5 maaie sil dit jier yn Fryslân plakfine. Dat hat it Nationaal Comité 4 en 5 mei bekend makke. De organisaasje sil foar dizze dei gearwurkje mei de provinsje Fryslân en de NOS. It doel is om mei-inoar in ôfwikseljend programma del te setten. Sa sil ûnder oare de 5 maaie-lêzing hâlden wurde troch filosoof en skriuwer Stine Jensen yn Ljouwert. It nasjonaal befrijingsfjoer wurdt ek yn de Fryske haadstêd oanstutsen. Dit is it startsein foar de rest fan it lân om mei de feestlikheden te begjinnen.
De dei dêrfoar, de nasjonale betinking op 4 maaie, krijt ek in Frysk rantsje. Op de Dam yn Amsterdam mei in Fryske learling fan it middelber ûnderwiis in eigen gedicht foardrage. It tema foar de betinking en fiering is dit jier 'ferset'.
De Belgyske politikus Guy Verhofstadt hâldt op 5 maaie in lêzing yn de doarpstsjerke fan Huzum. Hy wie earder premier fan België en is op dit stuit Europarlemintariër.