Dokkumer frijsprutsen fan mishanneljen ambulânsepersoniel

08 jan 2018 - 13:58

In 51-jierrige Dokkumer is moandei troch de rjochter frijsprutsen fan mishanneling fan twa ambulânsemeiwurkers, nei't er syn eigen bloed nei harren smiten hie. De meiwurkers fan de ambulânse fûnen de man op 24 july ferline jier dronken op syn bank. Hy hie in bloednoas en lei yn in grutte plasse bloed. Hy waard fuortendaliks agressyf en smiet hannenfol mei syn eigen bloed nei de ferplegers. De liedingjaande fan de helpferlieners die oanjefte om in punt te meitsjen.

De Dokkumer sei ûnder de rjochtsaak dat hy him neat yn it sin bringe kin, mar dat hy him djip skammet foar it ynsidint. De rjochter oardiele dat earder sprake wie fan mislediging as fan mishanneling. Om't de Dokkumer dêrfoar net dage wie, waard er op technyske grûn frijsprutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)