Krityk De Rouwe op CDA-plan
CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe ropt de leden fan syn partij op om nochris nei te tinken oer it ôfskaffen fan de basisbeurs foar masterstudinten. Yn it partijprogramma fan it CDA wurdt pleite foar it skrassen fan dy beurs. Neffens De Rouwe is dat gjin goed plan.
De Rouwe makket him soargen oer de gefolgen dy't it ôfskaffen fan de beurs foar masterstudinten hawwe kin foar masterstúdzjes yn Fryslân. Under oare Wetsus hat sokke opliedings. De Rouwe hâldt rekken mei folle minder studinten.