André Roorda leit bestjoerstaken by Aris del

08 jan 2018 - 13:32
Foto: Omrop Fryslân

Bestjoerslid André Roorda fan de Ljouwerter basketbalklup Aris hat syn taken dellein. Roorda stipe coach Tony van den Bosch, mar hâldt dêr fuortendaliks mei op. Hy hat it te drok mei syn bedriuw, Roorda is eigener fan befeiligingsbedriuw All Above Security. Roorda syn taken wurde oernommen troch de foarsitter fan Aris, Johan Meijer. Hy bliuwt wol bestjoerslid.

De Ljouwerter basketballers ferlearen ôfrûne sneon yn eigen hûs op dramatyske wize mei 48-99 fan Den Bosch.

Trefwurden: 
André Roorda Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)