It Fryske Gea wol skerper tafersjoch op hûnen oan de riem

08 jan 2018 - 13:27

It tafersjoch op it oan 'e riem hâlden fan hûnen moat skerper. Dat wol natuerorganisaasje It Fryske Gea. It komt hieltyd faker foar dat losrinnende hûnen oare bisten oanfalle en deabite. Dat komt om't se yn gebieten frijlitten wurde dêr't dat net mei. Sipko Sikkes fan It Fryske Gea wol dat dêr in ein oan komt. Sa wurde yn de Rysterbosk, it wurkgebiet fan Sikkes, geregeld reeën en fûgels oanfallen troch losrinnende hûnen. By alle yngongen fan de bosk steane dêrom buordsjes dêr't op stiet dat hûnen allinnich oan 'e riem de bosk yn meie.

Ofrûne wykein waarden by Goutum noch trije skiep deabiten troch in losrinnende hûn.

(advertinsje)
(advertinsje)