JR Shipping hâldt kontrôle oer wichtige kontenerskippen

08 jan 2018 - 12:43

Rederijgroep JR Shipping út Harns hat in nije liening fan 126 miljoen euro krigen foar de herfinansiering fan alve kontenerskippen. De skippen binne sûnt 2012 ûnderdiel fan in spesjaal fûns: it JR Fleet Fund CV. Dit is opset om de skippen troch de krisis te helpen. De miljoeneliening dy't hjirfoar nedich wie is earst útjûn troch de Dútske HSH Nordbank, mar wurdt no oernaam troch it Londonske Credit Investment Fund.

De herfinansiering wie nedich om't de merk foar kontenerskippen noch hieltyd net folslein hersteld is fan de krisis. Troch de nije finansiering hâlde de Harnzers kontrôle oer alve wichtige skippen yn har float.

(advertinsje)
(advertinsje)